Wolkom op de side fan toanielselskip "Us Nocht" Drachten

Yn febrewaris 2019 bestie "Us Nocht" 85 jier. "Us Nocht" is in Frysktalich selskip.

Usnocht jong

US NOCHT JONG!

Op tiisdei 10 maart sil yn kafee Markzicht oan de Oudeweg yn Drachten de kick-off plakfine fan in nij teaterprojekt fan toanielselskip Us Nocht út Drachten.
Al jierren is it toanielselskip dielnimmer oan it muzyk- en teaterfestival Simmerdeis mei in produksje troch folwoeksenen.
Foar de produksje fan 2020 jout it selskip in poadium oan jonge akteurs (m/f) yn de leeftiid fan 12 – 16 jaar.
Under lieding fan de ek noch jonge teatermakker Wytse Algra sil op basis fan ymprovisaasje mei ynbring fan de jongerein in foarstelling makke wurde op in unike lokaasje fan it festivalterrein. Leitrie sil ûnder oaren wêze it tema 1000&1 nacht. Dit tema komt út de hege hoed fan artistiyk lieder Ira Judkovskaja fan profesjoneel teaterselskip Tryater. Tryater wurket graach gear mei jongerein yn de provinsje. Yn de persoan fan teatermakster Janneke de Haan út Drachtster Kompenije sil Wytse Algra gearwurkje.
De akteurs hoege gjin specifike toneelûnderfining te hawwen.
Oanmelde by Us Nocht kin troch in berjocht te stjoeren nei info@usnocht.nl
Foar mear ynformasje kin kontakt opnommen wurde mei de produksjelieder: 06-30493981

De repetysjes fan de foarstelling binne op saterdei te moarn yn it ferieningsgebou fan buertferiening De Singels oan de Hoge Bomen yn Drachten.
Het festival sil plakfine fan 25 oant ‘e mei 28 juni by it Slingepark. Der sille meardere optredens wêze.

www.simmerdeis.nl www.usnocht.nl www.tryater.nl  

BINNE JO AL FREON FAN US NOCHT?